BWBR0025937
Geldig vanaf 2009-06-13
Artikel 3
Ynstellingsbeslút Stjoergroep desintralisaasje Fryske taal nei de provinsje Fryslân ta
1. De stjoergroep hat as taak om in neiere útwurking te jaan oan de ôfspraak oangeande de Fryske taal, lykas dellein yn it bestjoersakkoart, en dêrta:
a. konkrete útstellen te dwaan om rykstaken en -foech op it stik fan de Fryske taal safolle mooglik te desintralisearjen nei de provinsje Fryslân ta, wêrby’t de gearhing tusken beliedsromte en finansjele ferantwurdlikheid in útdruklik punt fan omtinken by wêze sil;
b. konkrete útstellen te dwaan foar de operasjonalisearring fan in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken en foech dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde.
2. De stjoergroep wurdt frege om op syn lêst 1 jannewaris 2010 te rapportearjen oan de Minister en de Steatssiktaris, de oare oanbelangjende bewâldspersoanen en oan it kolleezje fan deputearre steaten fan de provinsje Fryslân.
3. Nei it útbringen fan it rapport hâldt de stjoergroep op te bestean.